Aldi Sint Anne wol ferhúzje

29 des 2005 - 16:33

De grutte parkearproblemen by de Aldi yn Sint Anne binne oer in pear jier mooglik oplost. De supermerk wol ferhúzje nei it plak fan de VW-garaazje fan Jensma. Dêr wurdt dan in nije, folle gruttere, winkel boud.

Jensma kin ferhúzje nei yndustryterrein De Wissel. Doel is dat ek in tal âlde loadsen by de garaazje sloopt wurde. Dêr komt dan romte frij foar nije huzen. De gemeenteried fan It Bilt moat noch oer de plannen te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)