Aldi en Lidl yn slach oer romte

21 nov 2002 - 00:00

De Lidl-supermerk op De Lemmer mei de bedriuwshal neist it pân net langer brûke as ekstra magazyn. De Rie fan Steate hat dat bepaald. De konkurrint Aldi is al twa jier juridysk yn de slach dêroer. De Aldi is benaud dat de romte brûkt wurdt foar útwreiding fan de winkel.

Neffens it bestimmingsplan mei der gjin detailhannel wêze op dat plak. De eigner fan de hal moat earst in boufergunning oanfreegje foar syn pân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)