Aldi Bilgaard tongersdei iepen

27 aug 2006 - 14:49

De Aldi yn Bilgaard giet tongersdei al wer iepen. Dat is krekt in wike nei de grutte brân dy't it grutste part fan it winkelsintrum yn de Ljouwerter wyk yn de jiske lei.

De winkel kin sa gau alwer iepen, om't se op wat bluswetter oer de flier nei, sparre bleaun binne fan de brân. En hoewol't it hiele sintrum ôfsletten is mei grutte stekken, mochten de skjinmakkers freed wol al by de Aldi nei binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)