Aldheidkeamer wol mear jild

27 aug 2003 - 00:00

De Aldheidkeamer yn Kollum wol mear jild fan de gemeente. It bestjoer freget de ried en it kolleezje om de ekstra stipe om't der in soad kosten binne. It museum is dwaande mei in offisjele registraasje. Fral de kolleksjeregistraasje kostet jild.

Troch it ferhúzjen fan it VVV-kantoar takom jier komt der minder hier binnen. De lêste fiif jier hat it museum gjin strukturele ferheging fan de subsydzje krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)