Alders regelje skoalferfier

09 jul 2008 - 14:42

Alders fan bern yn Opsterlân dy't nei it spesjaal ûnderwiis geane, moatte tenei sels it ferfier fan 'e bern regelje. Sy krije dat ferfier wol fergoede troch de gemeente. Opsterlân wol de âlders sa de mooglikheid jaan sels it bêste foar har bern te kiezen.

De gemeente bemoeit him fierder net mei de kar fan de âlders. Opsterlân stelt allinne de eask dat it ferfiersbedriuw dat de bern tenei nei skoalle bringt in kwaliteitskarmerk hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)