'Alders ferantwurdlik yn Dokkum'

01 nov 2003 - 00:00

De âlders fan de jongeren dy't har foarige wike misdroegen by it azc yn Dokkum binne ferantwurdlik foar dat rassistyske gedrach fan har bern. Dat seit wethâlder Appelhof.

Ferline wike bekûgele in stel jonges asylsikers mei kluten en stiennen. Ek waarden hakenkruzen op it fytspaad nei it azc tekene. It ynsidint feroarsake in soad opskuor. De gemeente komt no mei in aksjeplan foar de skoallen en heiten en memmen fan de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)