"Alders by bern op it hiem"

29 okt 2005 - 12:14

It moat mooglik wurde dat âlders yn de takomst by har bern op it hiem wenje. Dat wol de fraksje fan de Christenunie yn Dantumadiel.

No meie bern har heit of mem net ûnderbringe yn in ferboude garaazje of túnhûs. Mar omdat de gemeente ynkoarten alle bestimmingsplannen dochs oanpasse moat, kin dat dêr fuortendaliks wol yn opnaam wurde, fynt de Christenunie. De fraksje wol der kommende tiisdei oer prate yn de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)