Alderen teste fitheid op It Hearrenfean

21 sep 2015 - 18:33
  • Begelieders fan it fitheidsprogramma fan De Friese Wouden

Soarchoanbieder De Friese Wouden is mei ferskate oare partijen yn Hearrenfean-Noard úteinset met in programma om âldere minsken fitter te meitsjen. Dielnimmers tusken de 65 en 85 jier dogge in fitnesstest wêrnei't se in bewegingsprogramma oanbean krije.

Yn totaal hawwe sa'n 90 minsken oan de test meidien. It giet net allinnich om klanten fan De Friese Wouden. Minsken út de hiele wyk Hearrenfean-Noard binne wolkom. It programma is bedoeld om minsken sûner te meitsjen en om bygelyks iensumens tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)