"Alderen helpe mei feroarings yn de soarch"

19 feb 2015 - 17:23
  • Boukje Buur en Harm Weistra

It is de taak fan gemeenten en âldereinbûnen om âldere minsken te helpen mei de feroarings yn de soarch en de húshâldlike help. Dat seit Harm Weistra, regiokoördinator foar âldereinbûn PCOB.

Neffens him hawwe de measte gemeenten wol in goede regeling foar minsken dy't help nedich hawwe. It probleem is de wize hoe't de gemeenten dat de minsken fertelle. In telefoantsje of in brief dêr't yn stiet dat minsken de help nei 1 april sels betelje moatte, is net goed. Der moat in petear plakfine by de minsken thús, fynt Weistra.

As frijwilliger by it âldereinbûn PCOB wol Weistra de âlderen helpe. Der binne in soad klachten fan âlderen dy't net witte wat se mei it brief oan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)