Alderen Achter de Hoven tefreden

11 feb 2006 - 13:15

Alderen yn de Ljouwerter wiken Achter de Hoven, Vegelin, Skepebuert en Wielepôle binne tefreden oer de buert, feiligens, leefberens en aktiviteiten. Wol moatte der mear betelbere en beskikbere wenten komme en moat de ynformaasjefoarsjenning oer wyksaken en gemeentlike regelings better.

Adviseurs hawwe alle 55+ers frege nei harren persoanlike ûnderfinings. De gemeente Ljouwert wol dy metoade ek yn oare wiken tapasse, as it foldocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)