Alderein yn Sumar oerfallen

09 jul 2001 - 00:00

In broer en sus op leeftiid binne sneintemiddei oerfallen yn har wente yn Sumar. De man fan 86 jier seach om trije oere hinne in bûtenlânske auto mei fjouwer ynsittenden syn hiem opriden.

Omdat hy de boel net fertroude die er de doarren op slot. De oerfallers trapen dy lykwols yn, mishannelen de man en trochsochten de wente. Se hawwe in beurs mei in pear hûndert gûne meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)