Alderein yn aksje foar keuken

03 des 2008 - 12:52
  • De keuken fan De Spiker yn Ternaard
  • It Ternaarder âldereinprotest foar behâld fan 'e keuken

De bewenners fan fersoargingshûs De Spiker yn Ternaard binne benaud dat de keuken fan it fersoargingshûs ticht giet. De Spiker falt ûnder Pasana dat besunigje moat troch in fanwege finansjele tekoarten en in bestjoerskrisis. Bewenster frou Holwerda wol de keuken net kwyt. Sy is dêrom in hântekeninge-aksje begûn.

Neffens Pasana is it noch net dúdlik oft de keuken fan De Spiker ticht giet. De besunigings by Pasana moatte noch neier ynfold wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)