Alderein Weststellingwerf krijt foarljochting oer hjitte

03 jul 2015 - 20:32
  • Alderein krijt besite yn it ramt fan Nasjonale Hjitteplan

Alderein yn de gemeente Weststellingwerf hat freed út hannen fan de plysje en EHBO-meiwurkers fergees in fleske wetter krigen. Mei it yngean fan it Nasjonale Hjitteplan wol de gemeente Weststellingwerf de minsken helpe om it waarme waar troch te kommen.

Dêrneist krige de âlderein advys oer ynbraakprevinsje, om't it mei dizze dagen foar ynbrekkers in stik makliker is om huzen yn te kommen. Op spesjale feilichheidskaarten en flyers stean tips om in ynbraak foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)