Alderein ûnderfrege oer winsken

22 des 2005 - 08:05

Selsstannich wenjende 75-plussers yn Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Hearrenfean wurde enkêteard troch wolwêzenswurkers. Doel is om de winsken en problemen fan de âlderein yn kaart te bringen.

Mei de gegevens kinne de gemeenten, provinsje en wolwêzensorganisaasjes it belied better ôfstimme op it ferlet en de fraach fan selsstannich wenjende âlderein. It projekt begjint ynkoarten en duorret trije jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)