"Alderein op fyts faker belutsen by slimme ûngelokken"

21 des 2015 - 21:50

Der bin dit jier wer mear deaden fallen yn it Fryske ferkear. Oant no ta giet it om 29 ferkearsslachtoffers tsjin 23 ferline jier. In dúdlike oarsaak is net oan te jaan. Al is it opfallend dat der in soad iensidige ûngelokken tusken sitte, sa stelt Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân.

Foar him is it no de fraach oft dat komt troch te krappe diken, de berm of dat minsken ôflaat wurde yn de auto troch bygelyks de tillefoan.

It falt Van der Meulen ek op dat in soad, benammen âldere, fytsers slachtoffer wurden binne en dat ek it tal swier ferwûnen yn dy groep bot tanimt. Dêr moat neffens him ekstra omtinken foar komme de kommende tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)