Alderein makliker nei teater mei stichting Vier het Leven

02 feb 2015 - 11:21

Skouboarch De Lawei yn Drachten giet yn see mei stichting Vier het Leven. Dizze klup organisearret teater- en konsertbesites foar âldere minsken dy't leaver net allinnich op stap gean. De formule fan Vier het leven is simpel: âlderen kieze sels nei hokker foarstelling se wolle en se betelje ien priis foar it tagongskaartsje, de konsumpsjes en it ferfier fan en nei hûs.

Vier het Leven organisearret op tongersdei 5 febrewaris de earste mienskiplike teaterbesite nei de foarstelling oer Annie M.G. Schmidt.

De meiwurkers fan De Lawei binne bliid mei dit nije inisjatyf en ferwachtsje der in soad fan, seit programmeur Rigt Oostenbrug. De Lawei hopet dat de skouboarch sa ek foar de wat mear kwetsbere âlderein goed tagonklik bliuwt.

Minsken kinne har oanmelde foar de mienskiplike kulturele jûn ynklusyf ferfier op de webside fan Vier het Leven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)