Alderein lilk om parkearbelied

14 aug 2014 - 17:16
  • Parkearskiif

De âlderein yn Wolvegea hat bot lêst fan it nije parkearbelied. Op seis plakken yn it sintrum is in blauwe sône ynsteld, dêr't net langer as twa oeren parkeard wurde mei. Neffens âldereinbûn ANBO is it dêrtroch net mooglik de bingo út te spyljen of in toanielstik út te sjen. Minsken moatte tuskentroch nei de auto om de parkearskiif te fersetten. Mar dat slagget minsken dy't min rinne net.

It bûn wol dan ek dat de parkeartiid ferlingd wurdt fan twa nei trije oeren. Wethâlder Jongbloed lit witte de opmerkings mei te nimmen yn de evaluaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)