Alderein kin studint ynhiere foar putsjes en oanspraak

02 des 2015 - 19:26

Twa Fryske studinten ha ByStudents oprjochte. Alderein kin fia dizze webside in berop op studinten dwaan foar putsjes en sosjale oanspraak. De inisjatyfnimmers wolle âldere minsken helpe by it finen fan in studint dy't bygelyks skjinmeitsje kin yn hûs of in eintsje kuierje wol. In soad fan sokke aktiviteiten binne troch besunigings fuortfallen foar âlderein. De studinten wolle graach neist de stúdzje sosjaal wurk dwaan.

De seleksjeproseduere foar studinten is strang en der wurdt ek sjoen watfoar persoan it bêste past by de âldere.

Foar 12 euro de oere komme de studinten fan ByStudents del. In part fan de ynkomsten giet nei in fûns dat it mooglik makket om studinten ek yn te setten by âldere minsken dy't sa'n stipe net betelje kinne. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)