Alderein kin fitheid teste

22 sep 2003 - 00:00

De gemeente Lemsterlân organisearret begjin oktober twa fitheidstesten foar âlderein. It sportprojekt is bedoeld om ynwenners fan Lemsterlân fan tusken de 55 en 65 jier wer oan it sporten te krijen.

Mei de test wurde saken as de bloeddruk en it úthâldingsfermogen metten. De minsken kinne har dêrnei oanmelde foar in yntroduksjeprogramma. In dokter begeliedt it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)