Alderein bliuwt yn eigen doarp

29 maaie 2007 - 21:33

De âlderein yn Jobbegea en Hoarnstersweach dy't soarch nedich hat kin aanst yn harren eigen doarp wenje bliuwe. Foarhinne wie it noch sa dat se útwike moasten nei It Hearrenfean of De Gordyk.

De wenningen komme yn Jobbegea dêr't no in multifunksjoneel sintrum boud wurdt. Neist wenningen en soarchynstellings komt der ek in basisskoalle. De bou fan it kompleks kostet 35 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)