Aldere snorfytser ferwûne by botsing yn Snits

11 mrt 2015 - 10:23

Yn Snits is in 83-jierrige man út Skearnegoutum tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried op syn snorfyts oer de Ljouwerterdyk nei Skearnegoutum. Op it momint dat er de rûnwei oerstekke woe, joech er mooglik gjin foarrang oan in 19-jierrige automobiliste út Snits. Dy koe in botsing net mear tefoaren komme. De man is mei in wûne oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)