Aldere frou oerfallen

27 okt 2007 - 14:47

In frou fan 76 jier fan It Hearrenfean is freedtemiddei oerfallen yn har wenplak. It slachtoffer rûn achter har rollator troch de Aureliastrjitte. Dêr waard se oansprutsen troch twa jonges fan 16 en 17 jier.

Se bedrigen de frou mei in mes en besochten har hântas ôf te pakken. Dat slagge net, omdat in foarbygonger yngrypte. De jonges naaiden dêrop út. De plysje koe se eefkes letter oanhâlde. Se sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)