Aldere Friezen sûner

17 okt 2003 - 00:00

Fryske 65-plussers binne oer it generaal sûner as leeftiidsgenoaten yn it suden fan Nederlan. Manlju hawwe gemiddeld in heal jier letter lêst fan har sûnens. By froulju is it ferskil sels in jier.

Dat docht bliken út in stúdzje fan it ûndersyksynstitút Nivel. Dat is útfierd yn gearwurking mei it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu. De resultaten binne publisearre yn it ynternasjonale tydskrift Public Health.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)