Alden wolle taksy Nuis hâlde

10 jul 2008 - 12:19
  • Opsterlân ûndúdlik oer taksyferfier

Alden fan de bern dy't ferfier nedich hawwe foar it spesjaal ûnderwiis binne lulk op de gemeente Opsterlân. Dy wol foar it kommend skoaljier dat de âlden it taksyferfier sels regelje. De âlden fine dat let, want oer in moanne begjinne de skoalle al wer. Boppedat witte de âlden net hokker fergoeding se krije. Sa witte se net mei hokker taksybedriuwen se ûnderhannelje kinne.

De âlden wolle graach fierder mei taksybedriuw Nuis dy't it de lêste twa jier ek al die.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)