Alden by skoalle belûke

12 apr 2008 - 13:45

B&W Weststellingwerf stelt 15.000 euro beskikber foar in projekt om âlders mear by de skoalle te belûken. It giet om in inisjatyf fan it Openbaar Primair Onderwijs Weststellingwerf.

Learlingen fan de groepen acht fan it basisûnderwiis yn Weststellingwerf hawwe in learefterstân op it mêd fan rekkenjen en taal, sa die bliken út ûndersyk. Ien fan de oplossingen is om de âlders mear by skoalle te belûken. Dat gebeurt it earst yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)