Alden posityf oer meartalich grutbringen fan bern

19 maaie 2015 - 19:21
  • Bern oan it skriuwen

Hast 90 prosint fan de âlden yn Fryslân fynt dat meartalich grutbringen in positive ynfloed hat op de ûntwikkeling fan bern. Dat blykt út ûndersyk fan de provinsje ûnder mear as 1700 âlden yn ús provinsje. It is in ferfolch op in ûndersyk út 2008/2009.

Bern dy't sawol it Frysk as it Nederlânsk brûke, leare makliker in oare taal en ûntwikkelje in better taalgefoel, sa tinke de measte heiten en memmen. Doel is om de taalsitewaasje fan bern te folgjen yn ferskillende fazen fan harren libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)