Alden Ouwe Syl bliid mei beneaming tydlik direkteur

07 feb 2015 - 13:25
  • Basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl

De groep ferûntrêste âlden fan basiskoalle Ouwe Syl yn Aldebiltsyl is bliid mei de beneaming fan Dietske Bouma as tydlik direkteur op de skoalle. De groep sjocht dat as earste stap op wei nei in normale sitewaasje op skoalle. Dochs fine se dat de problemen net oplost binne. It bestjoer fan CBO G2 beneamde Dietske Bouma freed as nij direksjelid.

Sy ferfangt direkteur Jaap Jansma dy't him no rjochtsje sil op it oanstjoeren fan de seis oare skoallen fan de organisaasje. Oarsaak fan de problemen is it ûntslach fan in populêre juf.

Neffens de âlden binne der djipperlizzende problemen, dy't yn in objektyf en ûnôfhinklik ûndersyk nei boppen komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)