'Alden moatte bern oansprekke'

11 jan 2005 - 10:47

Alden moatte har bern faker in draai om de earen jaan as se guod feniele of stelle. Dat seit korpssjef Wagenaar fan de plysje. Alle fernielings yn de provinsje wurde dien troch eigen jeugd en dat smyt in soad skea op foar de mienskip.

Wagenaar wit noch goed dat er as jonge op syn gedrach oansprutsen waard troch syn heit en mem as er wat ferkeards die. Dat soe neffens de korpsbehearder no wer moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)