Alden leauwe net yn mishanneling troch Prader-Willi Hûs

01 okt 2015 - 20:09
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

De measte âlden fan bern dy't yn it Prader-Willi Hûs yn Mûnein opfongen wurde, leauwe neat fan it nijs dat de bern mishannele wurde. Dat sizze Wilfried Kerssens en Adrie van der Tang, de âlden fan de 15-jierrige Vita. Sy wennet sûnt in jier yn it hûs. De âlden binne der wis fan dat harren dochter feilich opfongen wurdt en dat der neat mis is yn de ynstelling. Boppedat tinke sy dat hast alle âlden it mei harren iens binne.

Tongersdei fertelden trije meiwurkers dy't yn it Prader-Willi Hûs wurke hawwe, dat de direkteur fan it hûs de bewenners mishannelet. Dat soe gean fan skoppe en slaan oant bygelyks bern yn it swimbad goaie, opslute op har keamer en gjin iten jaan. Bern mei it Prader-Willi syndroom binne bot fikseard op iten en hawwe gedrachsproblemen.

De ynspeksje foar sûnenssoarch hâldt it Prader-Willi Hûs al in skoftke ûnder tafersjoch. Der komt foarearst gjin strafrjochtlik ûndersyk. It iepenbier ministearje seit dat earst it ûndersyk fan de ynspeksje ôfwachte wurdt.

Omrop Fryslân prate mei Wilfried Kerssens en Adrie van der Tang. Sy binne der wis fan dat der neat kloppet fan de beskuldigings oer misstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)