Alden learling nei Steatsrie

23 okt 2007 - 17:30
  • Skoallemienskip Sevenwolden

Alden fan in learling fan skoallemienskip Sevenwolden op It Hearrenfean binne nei de Rie fan Steat stapt omdat se fine dat harren soan ûntrjochte fan skoalle stjoerd is. De jonge soe yn 2005 in dosinte stalkt hawwe. Syn heit en mem binne it net iens mei de beskuldigings en easkje in skeafergoeding.

Dúdlik is wol dat út de âlderlike wente hinderlike telefoantsjes dien binne. De útspraak is binnen 6 wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)