Alden It Slúske nei rjochter

14 mrt 2012 - 09:53

Lilke âlden en ynwenners fan Goaiïngaryp stappe nei de rjochter om de sluting fan It Slúske op te kearen. Se fine dat de skoalle om ferkearde redenen ticht moat. Se fine dat it gemeentebestjoer tefolle nei ûnderwiiskoepel Primus harket, wylst dy de gemeente net goed ynformearret. Earder sei it gemeentebestjoer in ûnôfhinklik ûndersyk ta nei de takomst fan de skoalle. Neffens de aksjefierders is hat Primus ferkearde sifers trochjûn. Se hoopje dat de rjochter mear tiid jout om mei in oare skoalle gear te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)