Alden foar de klasse

15 feb 2009 - 13:06

Heiten en memmen mei in ûnderwiisfoech moatte op de skoalle fan har bern ynset wurde yn tiden fan sykte. Dat fynt it bestjoer fan it iepenbier basisûnderwiis yn de gemeente Boarnsterhim, de Bobob.

It bestjoer hat alle bern in brief mei nei hûs ta jûn. Alden dy´t it foech ha om foar de klasse te stean, wurde oproppen har te melden. Troch de grypgolf oan it begjin fan dit jier ha de iepenbiere skoallen yn Boarnsterhim te krijen hân mei te min ynfalkrêften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)