Alden binne tefreden oer sûnens fan harren bern

10 mrt 2016 - 16:52

Fryske heiten en memmen binne tefreden oer de sûnens fan harren bern. Dat docht bliken út in ûndersyk fan GGD Fryslân ûnder goed njoggentûzen âlden fan bern tusken de fjouwer en de tolve jier.

Neffens it ûndersyk krijt hast elk bern moarnsiten en ite twa fan de trije bern alle dagen fruit. Hast alle bern bewege ek genôch. Der is yn it ûndersyk ek sjoen nei de sosjale media. Ien op de trije bern is dêr aktyf op en âlden hâlde yn de gaten wat de bern allegear dogge.

Oare dingen dêr't nei sjoen is by it ûndersyk binne: pesten en psychososjale sûnens, alkohol en smoken, en tefredenheid oer de opfieding. Fan alle âlden is 98% tefreden oer de opfieding. As der wat is, freegje se earst advys oan famylje en freonen en dêrnei oan saakkundigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)