Aldehou wurdt fjoertoer

17 jan 2006 - 16:54

De Aldehou yn Ljouwert wurdt brûkt as fjoertoer. Sûnt moandei stiet der boppe op de toer in sterke skynwerper. It ljocht is ûnderdiel fan in toanielstik dat yn febrewaris spile wurdt. It stik fan teatermakkers BUOG hat as tema it omheech gean fan de seespegel. Dêrby wurdt spile dat Ljouwert oan see leit en de Aldehou dan in fjoertoer is.

De kâns is grut dat it ljocht op de Aldehou stean bliuwt. Dêr wurdt ynkoarten in beslissing oer naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)