Aldehou ûnder de Aldehou

19 apr 2013 - 18:59
  • Keatsen telegraaf

De ferneamde Aldehou keatspartij wurdt dit jier keatst ûnder de Aldehou yn Ljouwert. De keatspartij bestiet hûndert jier. Foar de keatsferiening LKC Sonnenborgh reden om fan dy jubileumedysje wat bysûnders te meitsjen. De partij wurdt op sneon 14 septimber keatst. Op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt in spesjale gersmatte lein fan 32 by 61 meter. Dêrom hinne komme tribunes, tinten, en terrassen. LKC hat de organisaasje ûnderbrocht yn in spesjale stifing. Dy stifting wurket mei in begrutting fan 45 tûzen euro.

Dit bedrach moat fia sponsoring en subsydzjes boppe wetter komme. It publyk kin 14 septimber fergees nei de keatspartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)