Aldehou mei net fierder fersakje

15 mrt 2006 - 09:55

Ekstra maatregelen by de bou fan de parkeargaraazje oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert moatte tefoaren komme dat de Aldehou fersakket. Sûnt it úteinsetten fan de bou is de Ljouwerter skeane toer fjouwer millimeter fersakke.

Der wie al rekken hâlden mei fersakking, mar de gemeente Ljouwert wol no dochs gjin risiko rinne. Dêrom komme der ekstra mjittings en wurde de bouputten ferstevige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)