Aldehou hjerstfakânsje iepen

05 okt 2007 - 15:20

De Aldehou fan Ljouwert is dit jier ek yn de hjerstfakânsje iepen. Oars rint it seizoen oant 1 oktober, mar dit jier kinne minsken de skeve toer ek tusken 13 en 20 oktober beklimme.

Yn eardere jierren wiene der faak minsken dy't by de VVV fregen wêrom't de Aldehou net iepen wie. Der binne noch gjin plannen om de Aldehou ek yn de oare skoalfakânsjes iepen te stellen, earst wurdt besjoen hoe't it yn de hjerstfakânsje rinne sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)