By Aldehou al feesttinte

08 feb 2012 - 16:51
  • De Aldehou yn Ljouwert

It trochgean fan de Alvestêdetocht stiet noch yn de stjerren skreaun, mar op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt al drok rekken hâlden mei it senario fan in nije Tocht. It bedriuw GK producties is woansdei nammentlik al begûn mei de bou fan de feesttinte op it Aldehousterhôf yn Ljouwert.

As de Alvestêdetocht trochgiet is dêr it feest foarôfgeand oan de tocht en de huldiging fan de winner. It bedriuw bout de tinte op eigen risiko.

It bedriuw kin net langer wachtsje op it beslút oft de tocht trochgiet, want it hat 48 oeren nedich om de tinte op te setten en yn te rjochtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)