Aldehou: 10.000e besiker

14 sep 2011 - 18:20
  • Bleeker wurdt yn it sintsje set (foto: Janneke Visser, Historisch Centrum Leeuwarden)

De Aldehou yn Ljouwert hat woansdei syn 10.000e beteljende besiker fan dit jier hân. It giet om Piet Bleeker út Ljouwert, dy't mei in tal kollega's fanwege in bedriuwsútsje in besite brocht oan de toer. Bleeker krige as presintsje in bosk blommen en in tal boeken oer de Aldehou oanbean.

De 10.000e besiker kaam earder as ferwachte. De Aldehou waard earder dit jier ferboud en dat duorre langer as pland. De toer koe dêrtroch letter iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)