Aldeholtpea, Burchwert en De Gaastmar 'moaiste doarpen'

03 feb 2016 - 20:17

Aldeholtpea, Burchwert en De Gaastmar binne de "Moaiste doarpen fan Fryslân". Doarpsstyliste Hieke Joostema ûndersocht de ôfrûne jierren yn totaal 27 doarpen en fiif buorskippen yn Fryslân. Dêrby joech se ek advizen om de doarpen oantrekliker te meitsjen.

Oan de hân fan in keuringsrapport, dat goedkard is troch Landschapsbeheer Friesland, binne no trije winners keazen. Dy wurde op freed 11 maart huldige yn it doarpshûs fan Burchwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)