Aldehaske: gefaarlik krúspunt

03 jan 2010 - 10:55

It gefaarlikste krúspunt fan Fryslân leit by Aldehaske. Dat docht bliken út in top hûndert dy't stjoerder RTL meitsje litten hat. Dêrby is sjoen nei it tal ûngelokken dat de ôfrûne trije jier op in krúspunt west hat.

It giet om de oansluting fan de A7 op yndustryterrein De Wierde by Aldehaske. Op it krúspunt hawwe acht ûngelokken west, dêr't alve minsken by belutsen wiene. It krúspunt stiet op nûmer 24 yn de list. Yn dy list steane noch twa Fryske krúspunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)