Aldegea wint sjongfestival

17 apr 2010 - 13:41
  • Foto: Omrop Fryslân

Skoalle Klaver Trije út Aldegea hat freed it jierlikse sjongfestival foar bern wûn. Harren útfiering fan it liet 'Ien en ien' levere harren in priis yn de foarm fan in gouden mikrifoan op.

De sjuery priizge it hege nivo fan 'e sjongers. Benammen de solisten diene it poerbêst en der waard ek goed by aktearre. De finale wie yn De Lawei yn Drachten mei Kim Stolker en Raynaud Ritsma yn 'e sjuery. Sipke Jan Bousema en Geartsje de Vries presintearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)