Aldegea Hooligans net wurdearre

26 feb 2004 - 00:00

De Aldegea Hooligans - dat is jongerein út Aldegea Smellingerlân - binne bot skrokken fan alle negative reaksjes op de filmkes op har webside. De hooligans hawwe filmkes makke fan bygelyks it omskoppen fan konteners en it útskoppen fan lantearnepeallen.

Neffens de 'hooligans' is it bedoeld as grap. Mar guon besikers fan www.oudegahooligans.tk fine dat soks gjin pas jout en neame it fernielerij. De webmaster biedt syn ekskuzes oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)