Aldebiltdyk: mear parkearplak

01 maaie 2011 - 14:57
  • Foto: Omrop Fryslân

Hûseigners oan 'e Aldebiltdyk kinne 500 euro fan 'e gemeente krije foar de oanlis fan in parkearplak by hûs. De gemeente docht dat by wize fan proef foar in diel fan de Aldebiltdyk. Op 'e smelle dyk kinne auto's dreech byinoar delride. Trochdat der ek nochris hiel wat auto's op 'e dyk stean, ûntstean der gefaarlike sitewaasjes.

Acht bewenners hawwe oant no ta oanjûn in parkearplak oanlizze te wollen. Dat moat foar 1 oktober klear wêze. Dan begjint it stoarmseizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)