Aldeberkeap krijt poarte werom

19 maaie 2011 - 19:06
  • De muorre dy't oanpakt wurde sil

Yn Aldeberkeap wurdt in 17e ieuske poarte opnij boud. De poarte is al hûnderten jierren ferdwûn en komt no werom by de Bonifatiustsjerke yn it doarp. Op tekeningen út de 18e ieu is de poarte te sjen yn de muorre om de tsjerke hinne en twa jier lyn waarden de fûneminten fûn.

Neist de bou fan de poarte wurdt ek de tsjerkemuorre sels opknapt. Dy is slim fertutearze en wurdt folslein ôfbrutsen en mei deselde stiennen wer opboud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)