Alde Wite krijt trije klokken

12 jun 2014 - 06:07
  • De Alde Wite fan Dronryp krijt nije klokken
  • De Alde Wite fan Dronryp krijt nije klokken
  • De Alde Wite fan Dronryp krijt nije klokken
  • De Alde Wite fan Dronryp krijt nije klokken

De tsjerketoer fan d'Alde Wite yn Dronryp krijt wer trije klokken. Yn de toer hingje al jierren twa klokken. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de âlde lytse klok troch de Dútsers foardere en omsmolten. De grutte klok út 1493 koe der net úthelle wurde en is sparre bleaun.

Nei de oarloch is der in nije lytse klok kaam, mar dy paste kwa lûd net goed by de âlde. In klokkesaakkundige hat útsocht dat der oant de Tachtichjierrige Oarloch ta trije klokken yn de toer hongen ha. Dy twa nije klokken binne earder al makke en wurde tongersdei pleatst.

Sjirk de Jong fan De Jong BV út Warkum sil it wurk útfiere. Der is in kraan fan 80 ton nedich om de klokken der yn en der út te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)