Alde Tsjerken sykje stipers

22 des 2008 - 17:19

Mei in spesjale kampanje hopet de stifting_Alde_Fryske_Tsjerken takom jier in soad nije donateurs binnen te heljen. De goed 3.000 besteande stipers soene derby helpe moatte.

Troch minsken yn eigen omjouwing oan te sprekken hopet de stifting dat de âlde donateurs in pear hûndert nije stipers oanbringe kinne. Ek de besikers fan tsjerken fan ´e stifting wurde frege om donateur te wurden. De provinsje hat 80.000 euro frij makke om de donateurskampanje te stypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)