Alde tekening haven ûntdutsen

30 jun 2011 - 19:30

Wetterskip Fryslân hat in tekening út 1860 fan de haven fan De Lemmer yn hannen krigen. It giet om in tekening dy't mei de hân makke en ynkleure is. De tekening is fûn yn it gemaal fan Ychten oan de Tsjûkemar. Eartiids bewarre it Wetterskip syn argyf yn in âlde kiste yn it gemaal. In grut part fan dat argyf is ferlern gien.

In frou hat as lyts famke fjirtich jier lyn argyfstikken út de kist helle. Se hat se altiid bewarre en no oerdroegen oan it wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)