Alde stedebân ûntdutsen

28 nov 2005 - 10:58

Ljouwert hat flak nei de Twadde Wrâldoarloch in stêdebân hân mei de Ingelske stêd Norwich. Dat hat direkteur Koopmans fan it fersetsmuseum ûntdutsen. De stêdebân is yn 1947 út ein set en bestie benammen út mienskiplike sporteveneminten lykas fuotbaljen, tennisjen, boksen en darts.

De gearwurking hat oant 1954 duorre. De bestjoeren fan de stêden binne net mear op de hichte fan de âlde bân. Se wurkje wol gear op it mêd fan skjin wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)