Alde SS-pas feild yn Drylts

18 okt 2011 - 17:18

By feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts wurdt dizze wike in soldatepas fan in SS'er út de Twadde Wrâldoarloch feild. De pas komt út de kolleksje fan in priveesamler dy't it oarlochsdokumint ferkeapje wol. Feilingmaster Machiel Dijkstra begrypt dat der krityk komme kin op de feiling. Hy fynt dat lykwols gjin reden om derfan ôf te sjen.

De pas moat sa'n 400 euro opsmite. It dokumint wurdt freedtejûn feild. De ferwachting is dat der in protte samlers fan oarlochsguod op ôfkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)